Wâldrock leit Slayer fêst

21 feb 2008 - 12:18

It is it Wâldrock-festival slagge om de Amerikaanske trashmetal band Slayer fêst te lizzen foar de edysje fan 5 july dit jier. Slayer is mei Anthrax en Megadeth ien fan 'e grutste thrash metal bands fan 'e wrâld.

Njonken Slayer hat Wâldrock ek de bands Morbid Angel, Life of Agony en de Finske band Lordi fêstlein. Wâldrock komt ek wer mei in 'Slach om Wâldrock' om te bepalen hokker Fryske band it festival iepenje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)