Dieven smite stoel troch rút

21 feb 2008 - 11:38

Twa ynbrekkers hawwe tongersdei op it Hearrenfean it rút fan in hûs oan de Kastanjeleane mei in stoel ynsmiten, om ûntkomme te kinnen. De bewenner (50) waard om kertier oer fiven wekker fan it blaffen fan syn hûn.

Doe't er nei ûnderen gie, seach er twa manlju yn syn wenkeamer. Ien fan har pakte in stoel en smiet dy troch in rút. Beide ynbrekkers koene troch it rút ûntkomme. Se namen in laptop, in mobyltsje en in navigaasjesysteem mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)