'Award' foar Drachtster brêge?

21 feb 2008 - 10:16

De fyts- en fuotgongersbrêge De Ring yn Drachten is nominearre foar de Footbridge Awards 2008. Dy wurde yn july yn Portugal útrikt op in spesjaal kongres oer brêgen foar fuotgongers en fytsers. De brêge oer de grutte dyk by Drachten is in ûntwerp fan in Skots arsjitekteburo.

Smellingerlân en Opsterlân wiene tegearre opdrachtjouwer fan it projekt. De brêge waard twa jier lyn iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)