3 spilers foar Harkemase Boys

Van Dalen, Slager en De Vries mei foarsitter Spinder en v.d.Bij (foto P. v.d. Woude)
Harkemase Boys hat foar takom seizoen trije spilers fêstlein. Reinder Slager (20), Jacob de Vries (28) en John van Dalen (21) sille de seleksje fersterkje.
Slager is in middenfjilder en syn broer, Jelmer Slager, spilet al op De Harkema. De Vries is de âld-keeper fan ûnder oaren SC Hearrenfean en komt oer fan Flevo Boys. Van Dalen spilet op dit stuit yn de earste divyzje by BV Veendam en is in ferdigener.