Slim ûngelok op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
By in slim ûngelok op de Ofslútdyk binne tongersdeitemoarn trije minsken ferwûne rekke. Om goed kertier oer seizen klapten fjouwer auto's op elkoar dy't fanút Fryslân ûnderweis wiene nei Noard-Hollân. Ien fan de auto's kaam op de ferkearde kant fan de dyk telânne.
Troch it ûngelok moat it ferkear noch hieltiid rekken hâlde mei fertraging. Ien fan de rydstroken is noch ôfsletten yn ferbân mei ûndersyk.