Nij plak sporthal De Jouwer

20 feb 2008 - 19:56

Der komt mooglik in sporthal by swimbad De Stiennen Flier op 'e Jouwer. Earder wie it plan de hal te bouwen by it park Ter Huivra. Riedsfraksjes en buertbewenners binne lykwols benaud foar ferkearsoerlêst.

Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenterie no foar de sporthal by it swimbad te bouwen. Dy bou moat trije miljoen euro kostje. De earste peal soe ein dit jier de grûn yn moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)