Slim ûnderkuolle frou rêden

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat it libben rêden fan in frou (40) dy't troch in ûngelok slim ûnderkuolle rekke wie. De frou ried in wike lyn mei har auto it wetter yn en waard dêr pas nei fjouwer oeren fûn. Se hie doe noch mar in lichemstemperatuer fan 23 graden.
Yn de measte gefallen helje minsken mei sa'n lege temperatuer it net. It MCL wist de frou lykwols sa te behanneljen dat se wer herstelde. Se hat yntusken it sikehûs ferlitten.