Peanstra krijt V.d. Veldepriis

Auck Peanstra hat de Rink van der Veldepriis woansdei foar it boek 'Sitebuorren, myn eigen paradys' krigen. De priis wie earst ornearre foar Hylke Speerstra, mar dy wegere om't er as bestsellerauteur gjin ferlet fan sokke prizen hat.
De twajierlikse priis is ynsteld troch Smellingerlân en de Friese Pers en is bedoeld foar in skriuwer dy't yn neifolging fan Van der Velde Frysk proaza skriuwt foar in breed publyk.