Nijpels keapet grêf yn Diken

20 feb 2008 - 15:36
  • Nijpels wol mei syn frou yn Diken begroeven wurde

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels sil ek nei syn dea yn Diken bliuwe. Nijpels hat mei syn frou Elsbeth Janmaat in grêf kocht op it pleatslike begraafplak neist de pleats dêr't sy no wenje.

It echtpear kaam op it idee doe't Nijpels mei de oare manlju út Diken it begraafplak oan it opknappen wie. De klokkestoel, de hage en de grêven binne troch de lytse mienskip opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)