Van Ruiten ferliest rjochtsaak

de behanneling fan Saskia van Ruiten hoecht net fergoede te wurden, seit de rjochter
Soarchfersekerder Univé hoecht de behanneling fan Saskia van Ruiten yn Sweden net te beteljen. Dat hat de rjochtbank woansdei bepaald. Der is neffens de rjochter te min wittenskippelik bewiis dat de behanneling helpt. Neffens de regels is nedich dat ûndersyk útwiist oft in behanneling wurket.
Van Ruiten folget yn Sweden in metoade om fan anoreksia te genêzen. It is net bekend oft se yn berop giet.