'VVV's hawwe ôfspraken skeind'

Skylge © Omrop Fryslân
Direkteur Paul van Gessel fan Fryslân Marketing ûntkent dat hy en syn organisaasje ôfspraken net neikaam is mei de VVV's fan de Waadeilannen. Neffens him hawwe de VVV's harren net hâlden oan ôfspraken om jild te stekken yn in Waadkampanje fan Fryslan Marketing en kinne se it mei elkoar mar net iens wurde.
De VVV's hawwe tegearre mei rederij Doeksen woansdei it fertrouwen opsein yn Fryslân Marketing. Se brekke mei de organisaasje dy't de opdracht hat om de hiele provinsje toeristysk te ferkeapjen.