Van der Kolk lilk om bewaking

20 feb 2008 - 12:55

Op it provinsjehûs stiene woansdei bewakers foar de seal dêr't de leden fan de Steaten ynformeard waarden oer de nijbouplannen fan it provinsjehûs. Dy nijbou falt mooglik miljoenen djoerder út. SP-steatelid Van der Kolk rûn út de byienkomst. Hy is lilk dat de gearkomste besletten wie.

Ein dit jier wurdt begûn mei sloop fan it besteande provinsjehûs. De ferwachting is dat it nije provinsjehûs yn 2011 klear is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)