Oerfal op Gordykster juwelier

20 feb 2008 - 10:59

De plysje docht buertûndersyk en besjocht de spoaren by juwelierssaak Woudstra op De Gordyk. Twa maskerde mannen mei pistoalen oerfoelen de saak woansdei. Se bedrigen de juwelier en syn meiwurkster en namen guod út de kas en de klús mei. De bút bestiet út wat lytsjild en wat goud. De manlju naaiden út troch de achterdoar.

De plysje heart minsken dy't mooglik wat sjoen hawwe. Ek it ferkear op de útfalswegen is yn kaart brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)