Gjin ferfolging yn saak-Lulofs

20 feb 2008 - 10:56

De saak tsjin de man (43) út Twizelerheide dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan syn plakgenoat Reinder Lulofs, wurdt net mear ferfolge. Lulofs waard yn 1996 yn 'e âldens fan 87 jier om it libben brocht neidat syn wenning yn brân stutsen wie.

De fertochte waard yn febrewaris 2007 oanhâlden, mar omdat der net foldwaande bewiis is, wurdt de saak net foar de rjochter brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)