Houtrot: sels skea betelje

20 feb 2008 - 10:52

Eigners fan huzen mei in houten fundearring moatte sels de skea betelje by houtrot. De provinsje en wetterskip Fryslân binne dêr net oanspraaklik foar. Dat stelt deputearre Tineke Schokker nei in ûndersyk fan de provinsje.

It probleem mei houtrot oan de houten fundearrings fan huzen spilet yn de feanweidegebieten yn benammen Lemsterlân en Wymbritseradiel. It soe om sa'n 3.000 wenten gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)