Hylke Speerstra wegeret priis

Hylke Speerstra
Skriuwer Hylke Speerstra wegeret de Rink van der Velde-priis. Dy twajierlikse priis wie him dit jier tatocht, mar Speerstra stelt gjin priis op de ûnderskieding. Woansdei is de útrikkingsfeestlikheid.
De gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij ha de priis fjouwer jier ferlyn ynsteld. Neffens Speerstra soe de priis in oanmoedigingspriis wêze moatte en is dy net bedoeld foar in bestsellerskriuwer.