Previntyf fûllearen bliuwt

© Omrop Fryslân
De plysje sil ek yn 2008 previntyf fûillearje yn de Ljouwerter binnenstêd. Dat hat boargemaster Crone besletten. Ek it messeferbod bliuwt.
It tal strjitterôven is ferline jier wer omheech gien en der binne yn ferhâlding ek mear wapens yn beslach nommen as yn 2006. Der sil dit jier faker en koarter previntyf fûillearre wurde. Dat bart ek yn de horeka as de plysje ynformaasje hat dat dêr wat te finen is.