Prate oer fleanfjild Drachten

© Omrop Fryslân
De PvdA yn Smellingerlân is úteinset mei in opiniepeiling op de eigen ynternetsite oer it belang fan it fleanfjild by Drachten. Dat moat de oanset jaan foar in diskusje oer it ferpleatsen fan it fleanfjild.
Yn de ried wurdt ynkoarten praat oer wat wêr gebeure moat yn de gemeente en wêrom. Dan sil it ek oer de ferhuzing fan it fleanfjild gean. De PvdA wol no fan ynwenners witte hoe wichtich sy it fleanfjild foar Drachten fine.