'Mear Frysk brûke yn reklame'

19 feb 2008 - 17:36

Fryske bedriuwen moatte mear gebrûk meitsje fan de Fryske taal yn har boadskippen en uterings nei bûten. Dat fynt kultuer-deputearre Jannewietske de Vries. Se dy har oprop tiisdei op in sympoasium fan de Fryske Akademy.

Fansels is it oan bedriuwen sels om te bepalen oft se it Frysk brûke, mar der oer neitinke is al in begjin. De Vries hopet dat oare ûndernimmings it Frysk taalgebrûk yn reklames fan bedriuwen as Sonnema en Friesland Bank folgje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)