Fertochte sjitpartij hat spyt

plysje by it hûs fan Murkje de Vries
De 43-jierrige man fan 'e Harkema dy't fêstsit foar it deasjitten fan Murkje de Vries fan Koatstertille hat bot spyt fan wat hy dien hat. Hy woe dat hy de film fan 2 febrewaris weromdraaie koe. Dat seit syn advokate. By it relaasjedrama rekke ek noch in man (43) en in frou (37) fan 'e Harkema slim ferwûne.
De advokate tinkt dat de man mooglik troch it lint gien is om't hy medisinen kombinearde alkohol.