Utspraak strjitrôvers útsteld

19 feb 2008 - 17:06
  • ien fan de plakken yn Ljouwert dêr't in strjitrôf wie

De strjitrôvers dy't ferline simmer Ljouwert ûnfeilich makken, wurde earst neier psychologysk ûndersocht foardat de rjochter útspraak docht yn harren rjochtsaak. Twa manlju fan 22 en in frou fan 19 moasten tiisdei foarkomme op fertinking fan meardere strjitrôven dêr't geweld by brûkt waard.

Tsjin de frou waard in jier sel easke. Sy soe it stellen guod ferkocht hawwe. It wie harren meast te dwaan om jild, sigretten en mobile telefoans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)