"Spitich fan Dellewâl-plannen"

19 feb 2008 - 16:03

Wenbedriuw WoonFriesland fynt it spitich dat B&W Skylge de stekker út de plannen foar it Dellewâl-gebiet lutsen hat. De eardere Corporatieholding Friesland is opgien yn it wenbedriuw. Dy korporaasje hie mei de gemeente plannen ûntwikkele foar de Dellewâl. Der hiene hûzen, in teater en horeka komme moatten.

B&W doare net fierder te gean om't der te min draachflak is. It wenbedriuw siket no nei alternativen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)