Brân by autopoetsbedriuw

De brânwacht hat tiisdeitemiddei in brân by in autopoetsbedriuw op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert blust. De brân ûntstie troch laswurk oan in auto yn de metalen loads. De auto is folslein útbaarnd. Der is skea oan de loads en inkelde auto's ûntstien.
Ien persoan is licht ferwûne rekke doe't er besocht de brân te blussen. Hy krige reek binnen en is foar kontrôle nei it sikehûs brocht.