Ritsma start toertocht

Reedrider Rintje Ritsma hat tiisdei it startskot jûn foar in toertocht op bûteniis. Dizze toertocht wie op de iisbaan fan FlevOnice yn Biddinghuizen. De dielnimmers koene kieze út in tocht fan 50, 100, 150 of 200 kilometer.
Der diene twahûndert reedriders mei oan de earste FlevOnice Toertocht. De bûteniisbaan yn Biddinghuizen is fiif kilometer lang.