Johannes Passion op skoalle

28 mrt 2012 - 15:52

Yn de Friese Poort yn Ljouwert wie woansdeitemiddei in bysûndere útfiering fan de Johannes Passion. Dat is spesjaal foar de jongerein dien om harren sa yn kontakt te bringen mei klassike muzyk en it wurk fan komponist Johan Sebastian Bach. It giet om in ferkoarte ferzje.

Dielnimmers fan de skoalle fierden it stik op yn de mande mei musisy fan de Nederlânske Bach Academie en Concerto dAmsterdam.

Dirigint Hoite Pruiksma en regisseur Gooitsen Eenling hawwe derfoar soarge dat de opfiering ta stân kaam. It inisjatyf komt fan de skoalle sels en fan de Stichting Fryske Harlekyn. Pruiksma fiert al jierrenlang de Johannes Passion mei súkses op yn de Sint Gertrudistsjerke yn Warkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)