Liet Van Wieren kampanje Frysk

De nije single fan de Fryske band Van Wieren wurdt it kampanjeliet fan de Praat-mar-Frysk-kampanje. It giet om it ferske "Dûnsje". De presintaasje fan it liet is tongersdeitemiddei op it Ljouwerter stasjon. Dat is tagelyk de ôftraap fan de Praat-mar-Frysk-kampanje yn Ljouwert.
It doel fan de kampanje fan de Afûk is Friezen mear bewust te meitsjen fan harren eigen taal, sadat se dy faker brûke.