Kontrôle op foarrang kuierders

© Omrop Fryslân
De plysje yn Smellingerlân en Opsterlân sil de kommende tiid by skoallen kontrolearje oft fuotgongers wol foarrang krije by oerstekplakken. Ut ûndersyk docht bliken dat der faak gefaarlike sitewaasjes binne by oerstekplakken trochdat automobilisten en bromfytsers bern gjin foarrang jouwe.
De earste kontrôle wurdt dien by in tal skoallen oan de Noarderdwersfeart yn Drachten. Der komme 20 kontrôles.