St Nyk sterk ferdield oer piip

it âld fabryk fan Sint Nyk
Moat de piip fan it âld suvelfabryk yn St. Nyk ferdwine oft moat er stean bliuwe?
De ynwenners fan it doarp binne it der noch net oer iens. Moandeitejûn koene se har útsprekke oer wat der mei de piip fan 34 meter heech gebeure moat. De iene helte wie foar it omheljen fan de piip, de oare helte fûn dat yn alle gefallen in stikje fan de piip stean bliuwe moat. Oer seis wike moat dúdlik wêze wat der barre sil.