Snits seit betterskip ta

18 feb 2008 - 23:25

De kommunikaasje oer de plannen foar in Cultureel Kwartier yn Snits hat min west. Dat die moandeitejûn bliken op in diskusjejûn yn Snits oer de plannen foar in Sintrum foar de Keunsten en in nij teater oan de Westersingel.

Wethâlder Van den Broek toande begryp foar de beswieren. Hy hat tasein dat de gemeente better kontakt sykje mei de belutsen omwenjenden. Dy binne benaud foar oerlêst fan ferkear en teaterbesikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)