Ekstra jild foar ferbou aula

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Ljouwert hat moandei 250.000 euro ekstra beskikber steld foar de ferbou fan de aula fan it Noarderbegrafplak yn Ljouwert. De fjouwer ton dy't derfoar útlutsen wie, is te min. De kosten binne heger útfallen, ûnder oaren om't der asbest ferwidere wurde moat.
Yn de aula hawwe de behearder fan it begrafplak en de assistint harren kantoar. It gebou moat hielendal renoveard wurde.