Feansters skoare tsjin RKC
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 0-2 wûn fan RKC. De Feansters spilen út yn Waalwyk. Yn de santjinde minút makke Cecilio Lopez de 0-1. Yn de earste helte spilen de Feansters goed en wiene der mear kânsen.
Yn de twadde helte waard RKC wer wat sterker, lykwols sûnder te skoaren. Nei in wiksel makke Donovan Deekman de 0-2 foar de Feansters. Jong Hearrenfean stiet no fjirde yn de kompetysje.