Utspraak flearmûzen oer 3 wike

© Omrop Fryslân
De rjochter lit oer trije wike witte oft de bou fan in appartemintekompleks by it Spoardok yn Snits stillein wurde moat. De fûgelwacht yn Snits frege de rjochter moandei om it stillizzen.
Neffens de fûgelwacht sil it ljocht út it appartemintekompleks de flearmûzen yn it gebiet steure. Se wolle mear ûndersyk. De gemeente en de bouwer fine der al genôch ûndersyk west hat. Neffens wenningstichting Patrimonium ha wol 200 minsken belangstelling.