GGD-kampanje foar allochtoanen

18 feb 2008 - 12:47

Fjouwer op 'e tsien abortussen yn Fryslân binne by allochtoane froulju. It tal swangerskippen by fammen is by Antiljaanske famkes trije kear sa heech as by Fryske fammen. Dat makket sûnenstsjinst GGD bekend.

De GGD wol allochtoane froulju mear bewust meitsje fan seksualiteit en de risiko's fan geslachtssyktes. Dêrta is in spesjale grutte kampanje opset. De provinsje subsidiearret it projekt mei 600.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)