Pûnskaartsje no pasjintekaart

18 feb 2008 - 10:47

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean ferfangt as earste Fryske sikehûs de pûnsplaatsjes troch in pasjinstekaart. Dêrop stiet in barkoade mei gegevens fan in pasjint. Foar de yntroduksje fan it systeem binne tachtich kompjûterwurkplakken yn it sikehûs oanpasd.

Minsken dy't harren mei in âld pûnsplaatsje yn it sikehûs melde, kinne dy ynleverje en krije in nije pasjintekaart wêrom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)