Mariska Kramer wint yn Florida

18 feb 2008 - 10:41

Hurdrinster Mariska_Kramer út Drachten hat de maraton fan Jacksonville yn de Amerikaanske steat Florida wûn. Se die dat yn in tiid fan 2 oeren 45 minuten en 42 sekonden. Dat betsjutte foar Kramer in nij PR en in Frysk rekord.

It wie in dreech parkoers mei sechstich bochten, in stik strân en in in temperatuer fan 30 graden. Boppedat moast Mariska Kramer de lêste njoggen kilometer noch tûzenen kuierders ynhelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)