Undersyk op plak sjitpartij

Ferline wike moandei waard op dit plak Tevfik Igli deasketten. De plysje hat noch in soad fragen.
De plysje yn Ljouwert hat moandei tusken fjouwer en healwei sânen moarns in passantenûndersyk dien op it plak dêr't ferline wike Tevfik Igli delsketten is. Oan minsken is frege oft sy in wike lyn op deselde tiid ek op de Brol of oan de Groentemarkt west hawwe en oft sy wat sjoen ha fan de sjitpartij.
Fyftjin ûnderfrege passanten hawwe mooglik tips. Sy sille letter in ferklearring ôflizze.