Flearmûs kin bouplan opkeare

18 feb 2008 - 06:22

De seldsume marflearmûs soarget mooglik foar nije problemen by de bou fan trije appartemintekompleksen achter it stasjon fan Snits. De beskerme flearmûs is by ûndersyk fan natuerbeskermers fûn op it âlde spoardok.

Ut ûndersyk fan gemeente kamen earder gjin miljeubeswieren tsjin de bou nei foaren. Achter it stasjon wol Snits flats fan 15 meter heech bouwe. De rjochter besjocht de saak moandei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)