Soarch om kultureel kwartier

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Snits meitsje har noch altiten soargen oer de bou fan it 'kultureel kwartier' yn de stêd, ek al wurdt tiisdei in begjin makke mei de oanlis dêrfan.
Omwenners binne benaud dat se lêst krije fan al it publyk dat nei it nije teater en it nije sintrum foar de keunsten komt. Der is net genôch romte foar alle autoferkear dat dat mei him meibringt, ferwachtsje se. Moandei is der in iepenbiere diskusjejûn.