Kampanje helpmiddel-útlien

© Omrop Fryslân
It Hulpmiddelencentrum Friesland komt mei in aksje om himsels bekender te meitsjen by de minsken. By it sintrum binne krukken, rolstuollen of rollators fergees te lien, mar minsken kinne de helpmiddel-útlien mar dreech fine.
Foarhinne koene minsken terjochte by it Griene Krús, mar sûnt dat ôfskaft is, witte minsken net mear wêr't se wêze moatte. Dêrom komt der in kampanje mei posters en folders.