Reedriden: Kroon tredde

17 feb 2008 - 15:34

Ingeborg Kroon fan Snits is by wrâldbekerwedstriden sprint yn Inzell tredde wurden op de 500 meter yn de B-groep. Se kaam oer de streek yn in tiid fan 40.72. De Kanadeeske Kerry Simpson wûn de 500 meter yn 40.31.

Yn de A-groep wûn de Dútske hâldster fan it wrâldrekord Jenny Wolf yn 38.51. De Nederlânske Annette Gerritsen waard twadde yn in tiid fan 39.13. Marianne Timmer kaam net fierder as in fiifde plak yn 39.48.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)