Kassaasje yn saak-Ooms

Justysje © Omrop Fryslân
De haadfertochte yn de saak-Ooms giet yn kassaasje by de Hege Ried, omdat er it net iens is mei it fonnis fan it gerjochtshôf. Ferline wike waard de haadfertochte yn heger berop feroardiele ta 18 jier sel.
Marinus Ooms waard yn oktober 2006 mei in mes om it libben brocht yn syn hûs yn Haulerwyk. Neffens de haadfertochte wie er op it momint fan de stekpartij net yn Haulerwyk. Syn twa meifertochten sizze dat er wol de dieder is. Dy twa manlju krigen earder 15 en 10 jier selstraf oplein. Yn heger berop is dat 13,5 en 10 jier wurden
In proseduere by de Hege Ried nimt yn alle gefallen wol in heal jier tiid yn beslach.