Sybren Jansma ûnderút mei bob

17 feb 2008 - 15:32

Sybren Jansma fan De Pein is mei syn maat Edwin van Calker ûnderút gien yn de tredde run om de striid om de wrâldtitel yn de twamânsbob op de baan yn it Dútske Altenberg.

Yn it lêste diel fan de baan gie it bobslideduo op syn kant. De twa bobbers hiene lichte ferwûnings en ha oan de fjirde run net mear meidien. De wrâldtitel gie nei it Dútske duo André Lange en Kevin Kuske.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)