Friezen nei finale Vakkanjers

© Omrop Fryslân
Tolve learlingen technyk fan ferskate opliedingen yn Fryslân dogge yn maart mei oan de finale fan de Vakkanjer-wedstriden. It giet om wedstriden wêryn't de learlingen sjen litte kinne wat se allegear kinne op it mêd fan metaal en elektro. Doel derfan is om de skoalbern oan it wurk te krijen by bedriuwen yn de sektor.
De finalewedstriden wurde hâlden by de Technici-Show yn de Jaarbeurs yn Utrecht.