Skea troch tefolle drank

17 feb 2008 - 13:30

In autobestjoerder (33) út Akkrum is sneintenacht oanhâlden neidat er yn de Ulbe Twijnstrjitte yn syn wenplak tsjin twa parkearde auto's opbotst wie. De man hie fierstente folle drank op en moast syn rydbewiis ynleverje. De twa parkearde auto's en de auto fan de Akkrumer rûnen in soad skea op.

De plysje hat sneintenacht rûnom yn de provinsje nochris fiif rydbewizen ynnaam fan minsken dy't mei tefolle drank op achter it stjoer sieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)