Ynfanteryskoalle op oefening
De ynfanteryskoalle fan definsje oefenet de kommende dagen yn Noard-East Fryslân.
De militairen dogge ûnder oare sabeare ferkenningsmisjes. Yn de nacht fan moandei op tiisdei sliepe se earne yn it gebiet yn de iepen loft. It lossen fan pantserfoertugen dogge se oan de Beurtsvaart yn Dokkum. Woansdei rint de oefening ôf.