Fernielings yn Tsjummearum

17 feb 2008 - 10:37

By de sporthal yn Tsjummearum binne sneintemoarn betiid opnij fernielings oanrjochte. Yn de nacht fan âld en nij barde dat ek al.

Der is û.o. in lantearnepeal fernield, in boerd fan de muorre skuord en in prullebak omlutsen. Neffens eigner Ron van Booma fan rekreaasjesintrum Barradiel is in groep fan 15 jongeren ferantwurdlik foar de fernielings. Hy wol opnij mei de gemeente om de tafel, om maatregels te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)