Hearrenfean lit punten lizze

Beerens en Sulejmani. Foto: Martin de Jong
SC Hearrenfean hat sneontejûn twa djoere punten lizze litten. Yn Almelo kamen de Feansters tsjin Heracles net fierder as in 2-2 lykspul. Roy Beerens sette Hearrenfean yn de 18de minút op foarsprong. In minút letter soarge Gonzalo Garcia-Garcia foar de lykmakker foar Heracles.
Sulejmani sette Hearrenfean 12 minuten letter wer op foarsprong, mar Robbert Schilder soarge yn de 80e minút foar de lykmakker.