Biltske iisklub 150 jier

De Biltske iisklub bestiet 150 jier en dat waard sneon fierd mei in grut feest yn it doarpskafee yn Aldebiltsyl. Sneontemiddei wiene der in clown foar de bern en in resepsje foar elkenien dy't de feriening lokwinskje woe. Sneontejûn wie der in feest foar de 265 leden en donateurs.
Spitigernôch koe der net reedriden wurde, alhoewol't der wol in tin laachje iis lei op de baan.