Sykaksje nei fermiste frou

16 feb 2008 - 14:04
  • Sykaksje mei helikopter by De Leijen (foto: Simon Bosma)
  • De brânwacht oan it drêgjen (foto: Jilmer Postma)

By De Leijen by De Rottefalle is sneontemoarn fierder socht nei in fermiste frou. Freed waard der ek al socht mei ynset fan de brânwacht en plysjehûnen. De frou soe oerstjoer út de hûs weigien wêze.

De sykaksje waard nachts om tolve oere stopset en is sneontemoarn fierder gien. Doe is ûnder oare in helikopter ynset. It is net dúdlik oft der yntusken al wat fûn is. Oer de frou is ek neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)