Oanholden foar drugsbesit

© Omrop Fryslân
Twa manlju fan tweintich en in jonge fan 19 binne freedtejûn yn Kollum oanholden omdat se harddrugs by har hiene. In plysjeman yn boarger fytste by de auto del dêr't de trije ynsieten. Hy seach hoe't ien fan har op dat stuit de drugs brûkte.
De plysjeman hold de trije oan en rôp der wat kollega's by. Doe die bliken dat de manlju mei inoar sechtjin gram speed by har hiene. Se binne meinaam nei it buro.